FNP: Sluten skoalle Boksum is skande

22 maaie 2015 - 14:35

De FNP neamt it skande as de skoalle yn Boksum opheft wurde soe. De steatefraksje fan de FNP stelt dêr skriftlike fragen oer oan deputearre Poepjes. De FNP neamt de skoalle yn Boksum in foaroprinner yn it trijetalich ûnderwiis dy't in wichtich plak hat yn it provinsjale belied.

Underwiisgroep Fier is fan doel de skoalle te sluten op 1 augustus 2016, omdat de skoalle op dit stuit noch mar 25 learlingen hat. It minimum is 35. De FNP stipet de âlden en it personiel fan de Otto Clantskoalle, dy't it net iens binne mei de sluting.

Se tinke dat bern út Ljouwert mooglik ek wol nei Boksum ta wolle, omdat it in trijetalige PLUS-skoalle is dy't in protte docht oan ûnderwiisfernijing. De FNP freget de deputearre hoe't it derfoar stiet mei it doel fan de provinsje om yn 2015 op 25% trijetalige skoallen te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)