Undersyk nei brede basisskoalle yn Damwâld

22 maaie 2015 - 14:22

B. en w. fan Dantumadiel wolle de mooglikheid foar in brede skoalle yn Damwâld ûndersykje. De trije basisskoallen soene dan ûnder ien dak komme. De twa kristlike basisskoallen De Fontein en De Bron wiene al fan plan om te fusearjen. De tredde skoalle is de iepenbiere J. Botkeskoalle. Twa fan de trije skoallen binne ta oan nijbou en dêrom wurdt der sjoen oft der no ien nij gebou komme kin.

De skoalbestjoeren binne bliid mei it ûndersyk, omdat de besteande gebouwen net folle romte jouwe foar ûnderwiisfernijing.

Ek wolle de skoallen graach gearwurkje mei de berne-opfang foar bern ûnder de fjouwer jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)