Plysje fynt drugs en fangt boeten op 'blauwe aksjedei'

22 maaie 2015 - 13:11

De plysje hat tongersdei yn Opsterlân en Smellingerlân mei 80 meiwurkers in saneamde 'blauwe aksjedei' hâlden, rjochte op drugs en iepensteande boeten. Oan de Wyldsang yn Drachten waard in man (30) sûnder wen- of ferbliuwplak oppakt mei in bol kokaïne. De man is ynsletten en de drugs yn beslach nommen.

De plysje helle ek foar 10.000 euro oan iepensteande boeten op op 14 adressen. Mei acht oare minsken waarden ôfspraken makke oer it beteljen fan boeten op koarte termyn.

Op it carpoolplak oan de Noarderhegewei hold de plysje in algemiene ferkearskontrôle. Dizze kontrôle smiet 31 bekeurings op. Yn sechtich oare gefallen waard net bekeurd mar warskôge foar ûnder oare te hurd riden, it net dragen fan in gordel, it net toanen fan in identifikaasjebewiis en it riden mei glêde bannen. Fanwege de aksjes foar in bettere cao dielt de plysje op 't heden minder bekeurings út as oars.

Wol waard alve kear it kentekenbewiis fan persoane-auto's ynnommen, omdat de útlaat tefolle leven makke. Dit betsjut dat de auto's repareard wurde moatte, foardat der wer mei riden wurde kin.

Trefwurden: 
drugs blauwe aksjedei boeten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)