Fersakking yn dyk by Drachtsterbrêge Ljouwert

22 maaie 2015 - 13:00

Der is fersakking konstatearre yn de dyk by de Drachtsterbrêge yn Ljouwert. Troch wurk mei daamwanden is in stik fan de dyk fersakke. Dat betsjut dat no al begûn wurde moat mei reparaasje en net, sa't it doel wie, freedtejûn om sân oere. Ien rydstrook is op it stuit al ôfsletten.

In wurdfierder fan it projektburo Leeuwarden Vrijbaan jout ta dat de fersakking in nije ôffaller is. It pinksterwykein stiet foar de doar en eveneminten jouwe in soad ferkearsdrokte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)