Fytsend famke swier ferwûne by botsing yn Drachten

22 maaie 2015 - 12:31

In fytsend famke fan 16 jier is tongersdeitemoarn swier ferwûne rekke by in oanriding yn Drachten. It famke út it Grinslanner Mearum kaam op de krusing Middelwyk-Ludingakerke yn botsing mei in auto. Dy waard bestjoerd troch in 22-jierrige man út De Westereen.

It famke foel en rekke swier ferwûne oan de holle. Sy is oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Drachten fytser famke ferwûne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)