Jonge út De Pein besiket plysje Grins by de kiel te gripen

22 maaie 2015 - 11:43

De plysje hat tongersdeitenacht yn it sintrum fan Grins in 18-jierrige ynwenner fan de Pein oanhâlden. De jonge wie nidich en agressyf. Hy waard oansprutsen troch de plysje, mar wegere fuort te gean en misledige en bedrige de plysje.

Doe't de Peiner oppakt waard, besocht er ien fan de plysjes by de kiel te gripen. By de wrakseling dy't ûntstie, rekke de plysjeman ferwûne oan de knibbel. Hy moast nei in dokter. De fertochte sit fêst.

Trefwurden: 
Grins agresje De Pein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)