Fryske ferzje fan hit Parijs fan Kenny B.

22 maaie 2015 - 11:06

Harm van der Meer, oftewol dj Du Lac, út Burgum hat freed yn de studio fan Omrop Fryslân de Fryske ferzje fan de nûmer 1-hit Parijs presintearre. Dat die er yn de útstjoering fan Muzyk yn Bedriuw by presintator Arjen Overmaat.

Op fersyk fan Omrop Fryslân makke Van der Meer in Fryske fariant op de hit fan Kenny B. Earder al waarden der parodyen yn it Biltsk, Grunnegs, Rotterdamsk en Amsterdamsk opnaam. Yn de Fryske fersy treft in Fryske jonge in famke út Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)