Plysje set bylden fan oerfal snackbar Aldskoat op YouTube

22 maaie 2015 - 10:57

De plysje hat bewakingsbylden op YouTube set fan in oerfal op in snackbar yn Aldskoat. Op woansdei 18 maart kaam om tweintich oer achten in man mei in bivakmûtse op en mei sjitark de saak yn. Hy bedrige de meiwurkster en easke jild. De skrokken frou die de ynhâld fan de kasse yn it pûde dy't de oerfaller meinaam hie. Dêrnei naaide er út.

De oerfaller wie in slanke man fan 1.80 lang. Hy hie donkere eagen en in brune hûdskleur.

De oerfaller hie in swarte bivakmûts op, in strakke trui mei joggingbroek, sportskuon en wanten oan. Op it momint fan de oerfal wiene der gjin klanten yn de saak. Minsken dy't der wat fan witte, kinne belje mei de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)