Protestmanifestaasje yn Den Haach tsjin gaswinning Skylge

22 maaie 2015 - 10:42
Poster tsjin gasboarrings op Skylge

Yn De Haach is nije wike woansdei in manifestaasje tsjin gaswinning op Skylge. Dy wurdt organisearre troch de feriening GasTvrij Terschelling, Miljeudefinsje en de Waadferiening.

By de manifestaasje op it Plein yn De Haach sil it protestlied 'Lekker laten zitten die paar kuub gas' songen wurde. Dyselde middeis is der in debat yn de Twadde Keamer oer de gaswinningsplannen fan Tulip Oil op Skylge.

(Advertinsje)
(Advertinsje)