Grou wurdt foar oardel miljoen euro opknapt fanwege KH2018

22 maaie 2015 - 10:24

De gemeente Ljouwert stekt oardel miljoen euro yn in opknapbeurt fan Grou. It wettersportdoarp moat yn 2018 mei Ljouwert Kultuele Haadstêd oantrekliker wêze foar toeristen.

It Wilheminapark kriget in opknaptbeurt en de gemeente sil ûndersykje wat de mooglikheden fan it Halbertsmaplein binne. Fierders kriget it gearwurkingsferbân Gastfrij Grou jild foar de ûntwikkeling fan toeristyske arranzjeminten en eveneminten. De entree fan it doarp wurdt opkreaze mei in soart 'reade loper' fan it NS-stasjon nei it sintrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)