Stenden bêste fan hegeskoallen yn Ljouwert

22 maaie 2015 - 08:34

Stenden University skoart fan de Ljouwerter hegeskoallen it bêste yn de Nationale Studenten Enquête. Fan de maksimaal 5 punten skoart Stenden in 4,08. Hegeskoalle Van Hall Larenstein hellet in 3,9 en de NHL in 3,85. Dat docht bliken út sifers dy't de Volkskrant freed publisearret.

De studinten fan hegeskoalle InHolland binne it minst tefreden. It leechst skoare de kwaliteit fan de dosinten, de stúdzjebegelieding en de wize wêrop't skoallen omgean mei klachten. As bêste skoalle komt de selsstannige Pabo De Kempel yn Helmond út de bus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)