CDA hat krityk op fuortrinnen opposysje fanwege spoarfyts

22 maaie 2015 - 07:39

It CDA fan Ljouwerteradiel neamt it 'treurniswekkend' dat in part fan de opposysje fuortrûn is út de riedsgearkomste fan tongersdeitejûn. Fraksjefoarsitter Sytse Brouwer fynt dat riedsleden dy't fuortrinne út de riedseal 'de kiezers net serieus nimme'.

De fiif opstapte riedsleden sitte by Gemeentebelangen en de FNP. Se rûnen de seal út nei ûnienichheid oer it riedsfoarstel om in fyts- en kuierpaad oan te lizzen. Gemeentebelangen en FNP wolle in spoarfytstrajekt. It foarige kolleezje hie dat tasein, mar it nije kolleezje wol dat net.

Neffens it CDA is it spoarfytsprojekt net rendabel. It tal ferwachte besikers soe net reëel wêze. It finansjele risiko foar de gemeente wurdt dan te grut.

De Stichting Noord-Friese Lokaalspoorwegmaatschappij wol in pear kilometer rails oanlizze tusken Jelsum en Stiens, it âlde trajekt fan it boemeltreintsje it Dokkumer Lokaaltsje. Chris Rijf, foarsitter fan de Stichting Noord-Friese Lokaalspoorwegmaatschappij, wol juridyske stappen tsjin de gemeente nimme, as dy it eigen plan trochset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)