Plan foar nij krematoarium oan de A7 by Aldehaske

21 maaie 2015 - 20:27

Van der Zwaag Uitvaartzorg fan It Hearrenfean-Oranjewâld hat plannen om in nij krematoarium te iepenjen yn Aldehaske. It krematoarium moat oan de súdkant fan de A7 komme, westlik fan it Businesspark Fryslân-West.

De gemeente De Fryske Marren is yn prinsipe akkoart mei it plan. Wol is noch in bestimmingsplanproseduere nedich. Neffens direkteur Peter de Jong fan Van der Zwaag Uitvaartzorg binne de plannen al fierhinne klear. Ynkoarten is der in ynformaasjegearkomste yn it doarp Aldehaske.

Trefwurden: 
A7 Aldehaske krematoarium
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)