Nije ambuhely Waadeilannen wurdt foarearst nachts net ynset

21 maaie 2015 - 18:54

De helikopter wêrmei't ambulânsetsjinst RAV Fryslân fan 1 july ôf nei de Waadeilannen fleane sil, wurdt foarearst nachts net ynset. De bemanning moat earst in spesjale training krije en genôch fleanoeren makke hawwe.

RAV Fryslân kiest dêrmei foar in soarchfâldige opbou, seit in wurdfierder. De fleanbasis Ljouwert fersoarget yn alle gefallen oant oktober de nachtflechten, mei in Cougarhelikopter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)