Mear romte foar aktiviteiten op it Waad

21 maaie 2015 - 17:46

Der ûntstiet mooglik mear romte foar rekreaasje of bedriuwsmjittige aktiviteiten op it Waad. Fjirtjin organisaasjes dy't ûndersyk dogge op it Waad, hawwe ôfspraat better gear te wurkjen. It giet dan om natoerbehearders, oerheden en it bedriuwslibben.

De gearwurking moat derfoar soargje dat eltsenien op deselde wize en mei itselde systeem mjit wat mei de natoer yn en om de Waadsee hinne bart. Dêrtroch krije minsken in better sicht op wat wol en net kin op it Waad.

Ruud Kersten fan Rykswettersteat ferwachtet dat dêrtroch mear romte ûntstiet foar guon aktiviteiten op it Waad. Ut foarsoarch wurde no saken ferbean dêr't fan tocht wurdt dat it skealik wêze kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)