Laboratoarium-beagles sykje útfanhûzersadres

21 maaie 2015 - 16:56

Bistepensjon Adventure yn Koatstertille is driuwend op syk nei húshâldings foar tydlike opfang foar in lytse tritich laboratioarumhûnen. It giet om hûnen fan it ras beagle dy't net mear nedich binne foar proeven. De stichting Hulp Herplaatsing Huisdieren hat de bisten foar in part ûnderbrocht yn Koatstertille. Ddêr kinne se yn de boufak net bliuwe, want alle kennels binne dan reservearre foar bisten fan minsken dy't op fakânsje binne.

Neffens de stichting Hulp Herplaatsing Huisdieren binne beagles hiel maklike hûnen. It ûnderbringen by in húshâlding falt dochs wol ôf. De bisten binne in jier âld en se hawwe noch nea yn in húshâlding west. "Ze hebben de normale fase om te wennen aan een gezin in de eerste drie maanden van hun leven gemist. Ze vragen dan ook meer aandacht en geduld om aan een gezin te wennen", sa seit Ed Pols fan de stichting.

Der wurdt yn earste ynstânsje socht nei gastgesinnen foar fan 't simmer. Fansels wurdt der ek socht nei definityf plak foar de hûnen. Mear ynformaasje is te finen de website fan de stichting Hulp Herplaatsing Huisdieren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)