Suvelkoöperaasje DOC giet fúzje oan mei Dútsk DMK

21 maaie 2015 - 14:24

De fúzje fan de suvelkoöperaasje DOC yn Hoogeveen mei it Dútske suvelbedriuw DMK giet troch. Op in ledegearkomste yn Zwolle hat in grutte mearderheid fan 95 persint ynstimd mei de fúzje.

By DOC binne ek sa'n 100 oant 120 Fryske boeren oansletten. DOC, dat stiet foar Dutch Original Cheese, is de twadde tsiisprodusint fan Nederlân. DOC wurdt in selsstannich ûnderdiel fan it nije bedriuw. Yn 2011 waard ek al stimd oer in fúzje, mar doe stimde in mearderheid noch tsjin.

Ek diskear wie der argewaasje foar de fergadering. Under oare A-ware - mei in grutte nije fabryk op It Hearrenfean - hie him yn de diskusje mingd. A-ware hie foarsteld om gear te wurkjen. Fierders hie ek in oar Dútsk bedriuw - dat is Hochwald - belangstelling toand.

It bestjoer fan DOC hie hieltyd al oanjûn dat DMK de bêste kandidaat wêze soe. DMK is it grutste suvelbedriuw fan Dútslân. By melkfeehâlders bestiet soarch oer de molkpriis. Dy leit yn Dútslân leger as yn Nederlân.

Trefwurden: 
Fúzje suvel DOC suvelbedriuw DMK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)