"Kânsen foar Noardeast-Fryslân mei krimpstatus"

21 maaie 2015 - 13:49

Noardeast-Fryslân sjocht just kânsen as it de status krimpregio krijt. De PvdA-fraksje yn de Twadde Keamer hat hjirfoar in moasje yntsjinne. 'Krimpregio' mei dan in wat negative lading hawwe, mar yn Dokkum ferwachtsje se dat mei it jild oplossings betocht wurde kinne foar problemen as leechstân en oanlis fan bygelyks glêsfezel.

Dokkumer ûndernimmer Jan-Michiel van der Gang soe der ek wol wat foar fiele om te ynvestearjen yn de Markt yn Dokkum. Mei in goeie finansjele ympuls kin dit yn de takomst wer minsken nei de regio ta lûke, tinkt er.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)