Bern út Snits krije les yn rolstoelbasketbal

21 maaie 2015 - 13:16

Learlingen fan de OBS Zwetteskoalle yn Snits leare tongersdei hoe't it is om yn in rolstoel te sitten en te sporten. De clinic is in tarieding op de Cornelia Sportdei fan takom wike. Dan komme hast 600 bern nei It Hearrenfean om te sporten. In part fan de dielnimmers oan dizze dei hat in beheining.

Doel fan dizze sportdei is om bern sjen te litten dat in beheining net betekenet dat se neat mear kinne. De dei wurdt organisearre troch Sport Fryslân yn gearwurking mei de Cornelia Stichting, dy't dit jier 100 jier bestiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)