Seis auto's skansearre troch fallen fyts op de sneldyk

21 maaie 2015 - 11:33

In fyts dy't op de A7 by It Hearrenfean nei alle gedachten fan in fytserek fallen is, hat foar in soad skea soarge. It foarfal fûn in wike lyn plak op Himmelfeartsdei, mar de eigener fan de fyts is noch hieltyd net bekend. Mar leafst seis auto's rekken skansearre troch de restanten fan de fyts.

De plysje krige dy dei krekt nei tsien oere jûns in melding dat meardere auto's oan de kant fan de dyk stienen mei maleur. Trije auto's moasten fuortsleept wurde. De plysje docht in oprop oan de eigener om kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
A7 auto It Hearrenfean skea fyts
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)