Tal WW-útkearings yn Fryslân op 'e nij minder wurden

21 maaie 2015 - 10:29

It tal WW-útkearings yn Fryslân is yn april fan dit jier op 'e nij in stik minder wurden. Yn fergeliking mei in moanne earder is it tal minsken dat in berop die op de útkearing mei hast 9 prosint omleech gong: fan goed 19.000 nei in krappe 18.000.

Dêrmei is Fryslân de provinsje mei de grutste daling yn WW-útkearings. De wurkgelegenheid is yn alle sektoaren ferbettere, mar benammen yn de bousektor binne wer mear minsken oan it wurk gong, meldt útkearingsynstânsje UWV.

Trefwurden: 
Fryslân UWV WW WW-útkearing
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)