Ynwenners Smellingerlân kieze nije ferljochting Drachten

21 maaie 2015 - 08:55

Ynwenners fan de gemeente Smellingerlân meie kieze hoe't de nije ljochtmêsten yn it sintrum fan Drachten derút komme te sjen. Oan it Moleneind by de Drachtsterfeart stean fjouwer soarten ljochtmêsten opsteld. Dêr mei út keazen wurde.

De gemeente lûkt yn totaal 600.000 euro út foar de nije strjitferljochting fan it Drachtster sintrum. Wa't meiprate wol, kin dat ynfolje op de webside fan de gemeente of de antwurdkaart út de hûs-oan-hûs ynleverje op it gemeentehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)