Bou apparteminten Torenstrjitte Drachten neffens regels gien

20 maaie 2015 - 20:34

De ombou fan de âlde kweekskoalle nei apparteminten oan de Torenstrjitte yn Drachten is neffens de regels gien. Dat seit de Ried fan Steat. Omwenners hiene beswier makke tsjin de ferbou fan it gebou, dêr't no minsken mei in lichte ferstanlike beheining wenje.

Se fine de bou romtlik net yn de omjouwing passen en miene dat se troch de nije heechbou yn har privacy oantaast wurde. Fierder soe neffens harren de parkearnoarm net helle wurde en soe der yn de takomst dêrom noch útwreide wurde moatte. De beswieren binne net grûndearre ferklearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)