Provinsjale Steaten ynstallearje nije DS- en PS-leden

20 maaie 2015 - 19:59

Yn in bysûndere gearkomste fan Provinsjale Steaten fan Fryslân op woansdeitemiddei ha Provinsjale Steaten it nije kolleezje fan Deputearre Steaten foar de kommende fjouwer jier ynstallearre.

Neidat de kommissaris fan de Kening de ekstra steategearkomste iepene hie, folge in debat oer it koälysje-akkoart 2015-2019. Nei ynstimming troch in mearderheid fan Provinsjale Steaten leinen de nije leden fan Deputearre Steaten de eed of belofte ôf.

Sander de Rouwe en Sietske Poepjes foar it CDA, Klaas Kielstra foar de VVD, Michiel Schrier foar de SP en Johannes Kramer foar de FNP foarmje de kommende fjouwer jier it deistich bestjoer fan Fryslân.

Sander de Rouwe krijt Finânsjes, Ekonomyske Saken, Kennis en Underwiis, Kennis en Ynnovaasjenetwurk Fryslân en Bestjoer, ynklusyf tafersjoch gemeenten yn portefúlje.

Sietske Poepjes wurdt ferantwurdlik foar Ynfrastruktuer en mobiliteit, taal, media, keunst en kultuer, wetter.

Klaas Kielstra (VVD) krijt Romtlike ûntjouwing, wenjen en kwaliteit wenomjouwing, Rekreaasje en toerisme, Grûnbelied, De Nije Ofslútdyk, ynklusyf Waad/Waadfûns, Thialf, Bedriuwsfiering, personeel & organisaasje, Europa en Ynternasjonale kontakten en IPO yn portefúlje.

Michiel Schrier wurdt ferantwurdlik foar Miljeu en hanthavening, Duorsume enerzjy, Sosjaal belied en soarch, Fyts- en kuierbelied en Sport.

Johannes Kramer krijt Natuer en lanlik gebiet, Plattelânsbelied en krimp, Lân- en túnbou, Monumintesoarch, kultuerhistoarje en archeology en Iepenbier Ferfier yn portefúlje

Yn de iepenfallen plakken dy't ûntstien binne troch de ynstallaasje fan de deputearren, hawwe Provinsjale Steaten fjouwer nije leden beneamd. Dat binne Maaike Prins-Meindertsma (1956) út Oentsjerk foar it CDA, Fenny Reitsma-Hazelhoff (1955) út Hegebeintum foar it CDA, Leo Pieter Stoel (1962) út Snits foar de VVD en Klaas Fokkinga (1953) út Nes (D) foar de FNP.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)