Outdoorspecialist Bever krijt ûnderkommen yn âlde boekwinkel

20 maaie 2015 - 19:41

Sport- en outdoorspecialist Bever yn Ljouwert sil ferhúzje nei it pân fan de eardere boekwinkel De Tille oan it Ruterskertier. Dat gebou stiet al in jier leech, wylst it op in toplokaasje yn de binnenstêd sit.

Om't it gebou fan sawol binnen as bûten bot fertutearze is, wie it dreech om in nije hierder te finen. Foar't Bever de doarren fan de nije winkel iepenet, sil it gebou earst flink oanpakt wurde. Dat moat fuort in opstekker wêze foar de rest fan de strjitte. Yn oktober giet de winkel iepen.

Trefwurden: 
De Tille boekwinkel bever
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)