LTO wol kriminaliteit op boerehiemen oanpakke

20 maaie 2015 - 17:26

Boeren hawwe hieltyd mear lêst fan ynbraken en stellerij. Ut ûndersyk fan boere-organisaasje LTO docht bliken dat 40 prosint fan de boeren wolris te meitsjen hân hat mei stellerij fan ark en masines, en 30 prosint mei ynbraak.

By 80 prosint fan de boeren is ek wolris disel stellen. It probleem is de lêste tiid echt grut wurden: by in enkête hie de LTO yn in wike tiid al tûzen reaksjes fan har leden. De LTO sil de boeren helpe om de kriminaliteit op it plattelân oan te pakken.

It idee is dat bedriuwen in 'feilichheidsscan' útfiere litte. Sa kin besjoen wurde wat boeren dwaan kinne oan previntive maatregels tsjin stellerij.

Trefwurden: 
LTO kriminaliteit boerehiem
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)