Proses-ferbaal foar it fangen fan eksters mei fûgelfangkoai

20 maaie 2015 - 17:05

De plysje en miljeutsjinst FUMO hawwe tiisdeitemiddei yn Sondel fjouwer eksters en in fûgelfangkoai yn beslach naam. It fermoeden bestie dat in 71-jierrige fertochte in fangkoai by it wenhûs hâlde.

De plysje trof yndie in fangkoai oan en fûn ek fjouwer eksters. De plysje hat alles yn beslach naam. De bisten binne nei in fûgelopfangsintrum brocht. Tsjin de fertochte is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Sondel eksters fûgelfangkoai
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)