Fertraging nije brêge oer Van Harinxmakanaal by Frjentsjer

20 maaie 2015 - 16:49

De oanlis fan in nije brêge oer it Van Harinxmakanaal yn Frjentsjer giet foarearst net troch. De sloop fan de âlde stasjonsbrêge soe takom moanne úteinsette, mar der is neffens de provinsje mear tiid nedich foar de tariedings. It ferfangen fan de brêge wie ûnderdiel fan de ambisjeuze Waddenpoortplannen, fan de gemeente en de provinsje.

De oare ûnderdielen fan dat plan gean wol troch. De brêge yn Frjentsjer is sechstich jier âld en is nedich oan ferfanging ta. De nije brêge soe folle breder wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)