Taksysjauffeur held fan de dei

© www.stjoerder.nl Jaring Rispens
It giet wer goed mei de automobiliste út Bergen op Zoom dy't woansdeitemoarn betiid mei har auto it fan Harinxmakanaal ynried. De frou ried op de Fahrenheitwei yn in bocht rjochttroch it Van Harinxmakanaal yn. Se koe sels út de auto komme, mar koe net by de kant op komme.
Nei in lyts heal oere waard se rêden troch de 33-jierrige taksysjauffeur Sander Bloemink út Ljouwert, dy't tafallich oan it tanken wie. Hy wie tongersdei al wer aardich fan de skrik bekommen.