Kolleezjepartijen oan de slach yn tún fan de formateur

20 maaie 2015 - 14:55

Leden fan de koälysjepartijen CDA, VVD, FNP en SP yn de Steaten sille oan de slach yn de tún fan formateur Geart Benedictus. Dy hat de ôfrûne wiken drok west mei de formaasje fan it nije kolleezje en it gearstallen fan it nije kolleezjeprogram. Dêrtroch koe hy jûns net mear oan de slach yn syn tún.

It is neffens Sander de Rouwe (CDA) de bêste wize om Benedcitus te betankjen. Oft de formateur wiis wêze moat mei dizze wurkploech is de fraach. Johannes Kramer (FNP) makke al de grap dat hy de tún ynrjochtsje wol as Ekologyske Haadstruktuer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)