Frou swierferwûne nei fal mei fyts by Laaksum

20 maaie 2015 - 14:43

In fytster út it Noard-Hollânske Nibbixwoud is woansdeitemoarn yn Laaksum swierferwûne rekke by in ûngelok. De frou fytste tegearre mei har man oer de dyk tusken Aldemardum en Laaksum.

De frou rekke út balâns nei't in frachtwein it stel passearre en kaam ûngelokkich ten fal. Yn it sikehûs waard dúdlik dat de frou hjirtroch swierferwûne rekke is.

Trefwurden: 
fyts Laaksum fal swierferwûne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)