Ljouwerter FNP tsjin kap platanen by stedskantoar

20 maaie 2015 - 14:27

De FNP fraksje yn de gemeente Ljouwert is tsjin it pleatsen fan konteners by it stedskantoar. De gemeente wol de platanen op it binnenplein ferfange troch konteners as tydlike húsfesting foar 30 amtners. Neffens de FNP is sprake fan goedkeape barbarij as de 'kontenerterminal' der komt.

De Bomenridders hawwe beswier oantekene tsjin de kap. De útspraak is nije wike. Los fan dy útspraak wol de FNP hoe dan ek dat de polityk de kâns krijt om mei te praten oer it kolleezjebeslút.

Neffens de fraksje hawwe de amtners mei in petysje witte litten ek net bliid te wêzen mei de foarnommen kap.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)