Fertraging by ferbou Leppehiem Akkrum troch asbest

20 maaie 2015 - 12:58

De ferbou fan soarchsintrum Leppehiem yn Akkrum rint twa moannen fertraging op. Ien en oar is it gefolch fan asbest dat koartlyn fûn waard yn de aktiviteiteseal. It asbest moat earst fuorthelle wurde, foardat de wurksumheden wer oppakt wurde kinne. De kosten fan it fuortheljen fan it asbest kinne oprinne yn de tûzenen euro's.

Guon bewenners en meiwurkers moatte no in stikje omrinne, no't se net mear troch de haadyngong kinne. De feestlike iepening dy't foar ein maaie pland stie, giet net troch.

Trefwurden: 
asbest Akkrum Leppehiem
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)