Man is ûnder ynfloed fan drugs en stelt boekehaachjes

20 maaie 2015 - 10:31

In 39-jierrige Dokkumer is tiisdeitejûn yn syn wenplak oanhâlden om't hy swier ûnder ynfloed fan drugs boekehaachjes stellen hie. De man fytste by in plysjekontrôle del mei de fjouwer boekestrúkjes yn de hân.

In petear mei de man wie troch syn drugsgebrûk net mooglik. De man hie ek gjin papieren by him om him te identifisearjen. Hy is meinaam nei it plysjeburo en sit noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)