Jubileum foar studinteferiening Bernlef

20 maaie 2015 - 09:57

It is woansdei presys 90 jier lyn dat yn Grins de Fryske studinteferiening FFJ Bernlef oprjochte waard. Seis manlju en ien frou wiene dêr doe by. No hat de feriening 200 leden. Se ha woansdei gjin spesjale jierdeisaktiviteit, mar de studinten hawwe it hiele jier omtinken foar it jubileumjier.

Yn de oarloch waard Bernlef ferbean, mar de Grinzer Fryske Jongerein binne doe yn it geheim trochgong mei har aktiviteiten. Fan de begjinperioade is lykwols amper dokumintaasje bewarre bleaun.

Yn 2003 kaam Bernlef grut yn it nijs. Doe hiene se in Fryske Kameleonfilm makke, omdat de offisjele film Nederlânsktalich wie. Omdat se dêr de rjochten net foar hiene, moasten de studinten letter in boete fan 10.000 euro betelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)