Kedzierski fuort by GGZ

GGZ © Omrop Fryslân, Jaap Elzes
Hans Kedzierski ferlit de GGZ Fryslân. De foarsitter fan de ried fan bestjoer giet mei yngong fan 1 maaie nei Katar. Kedzierski wurdt dêr de earste bestjoersfoarsitter fan it nije Al Wakrah-sikehûs yn Al Wakrah, 15 kilometer súdlik fan Doha, de haadstêd fan Katar. It sikehûs yn de Arabyske oaljesteat falt ûnder de flagge fan de Hamad Medical Corporation.
Kedzierski seit yn in ferklearring dat er de oerstap net oankommen sjoen hat. It is in útdaging foar him de sûnenssoarch yn Katar te ûntwikkeljen.
De ried fan tafersjoch fan GGZ Fryslân fynt it spitich dat Kedzierski fuortgiet. In ynterim-bestjoer ûnder lieding fan Reinout van Schilfgaarde nimt fan 15 april ôf de deistige lieding oer. Undertusken sil de opfolger fan Kedzierski socht wurde.