Twadde Keamer: gjin himpteelt troch gemeenten

20 maaie 2015 - 08:06

Gemeenten meie net sels himp tele. Dat hat in mearderheid fan de Twadde Keamer tiisdei besletten. Guon gemeenten wolle as proef sels himp tele om sa de kriminaliteit te bestriden. Yn Fryslân wolle bygelyks Ljouwert en Smellingerlân dat graach dwaan.

It kabinet hat no opdracht krigen fan de Keamer om dit tsjin te gean. Gemeenten meie gjin romte krije om sels himp te telen. Legale teelt leveret neffens de keamerleden gjin bydrage oan it bestriden fan de kriminaliteit. De gemeenten reagearje teloarsteld op dit beslút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)