Wurkstraf foar berneporno

01 mrt 2012 - 15:26

De 32-jierrige skoalmaster fan de basisskoalle yn Twizel hat tongersdei troch de rjochter in wurkstraf fan 200 oeren oplein krigen yn ferbân mei besit fan berneporno. Ek is him in selstraf fan seis moanne ûnder betingst oplein en komt de man ûnder tasicht te stean fan de reklassearring. Dat alles konform de eask fan twa wike lyn.

Op de kompjûter fan de man út Bûtenpost waarden tûzenen foto's en filmkes fûn. Ek soe de man bylden ferspraat ha. De saak soarge foar in soad opskuor ûnder âlden en bern fan de basisskoalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)