"Gemeenten moatte ien line lûke by útkearingen"

19 maaie 2015 - 20:06

Fryske gemeenten moatte folle mear mei-inoar gearwurkje as it giet om earmoedebelied. No is it sa dat de iene gemeente ynkommensfoarsjennings foar minima op peil hâldt, wylst de oare dêr folle minder jild foar útlûkt. Dat giet ta skea fan de meast kwetsbere boargers, fynt Nanne de Jong fan it Frysk Gearwurkingsferbân Utkearingsgerjochtigden, it FSU.

Om de gemeenten yn Fryslân en de rest fan it lân op skerp te hâlden hat de saneamde Sociale Alliantie in petysje stjoerd oan alle gemeenten yn Nederlân. It FSU stipet dy petysje.

Trefwurden: 
FSU útkearings Nanne de Jong
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)