Henk de Jong bliid mei nijbouplannen Cambuurstadion

19 maaie 2015 - 14:31

Trainer Henk de Jong fan SC Cambuur is bliid mei de ferhuzing fan it stadion nei it WTC Expo yn Ljouwert. Hy tinkt dat in nij stadion op dat plak in opstekker foar de klup is. It is neffens de Jong benammen wichtich dat it stadion better berikber wurdt en dat it mear de alluere krijt fan in ploech dy't yn de earedivyzje spillet.

De klup en de gemeente makken moandei bekend dat beide partijen kieze foar it WTC as lokaasje. It nije stadion moat yn 2018 klear wêze, as Ljouwert kulturele haadstêd fan Europa is.

De totale ynvestearring leit om de 45 miljoen euro hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)