Earste peal foar nije wenningen Heechterp-Skieringen

19 maaie 2015 - 14:01

Wenningstichting Elkien hat moandei de earste peal slein foar de nije wenningen yn Heechterp-Skieringen. Dat wie it startsein foar de bou fan 44 nije hierwenten. Dy moatten yn de hjerst klear wêze. Foar de nijbou wurde flats sloopt. Earder wie der al spul om de sloop fan dizze "hellingbaanflats" yn de wyk.

De flats, mei 102 apparteminten, soenen bysûnder wêze en Bond Heemschut woe se dêrom beskermje tsjin de sloop. Dat is lykwols net slagge. Yn totaal komme der 58 hierwenten werom foar de hellingbaanflats.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)