T-shirt mei jurk fan Trijntje is populêr

19 maaie 2015 - 13:39

De jurk-fan-Trijntje-T-shirts fan it Ljouwerter bedriuw Halvegaren.nl binne bot populêr. De jurk mei it djippe dekolletee wie sa opfallend dat de ûntwerpers fan Halvegaren him rap op in T-shirt hiene. Dat foel wer sa bot op, dat de shirts as waarme broadsjes oer de toanbank gean. Der binne selfs fjirtich shirts nei Wenen gien foar de Nederlânske ploech by it Eurovisie Songfestival.

It Ljouwerter bedriuw tinkt dat se it noch drokker krije, as Trijntje de finale hellet. Tiisdei stiet Trijntje yn de heale finale en sneon is de finale.


Diel dit berjocht op:
(advertinsje)