Afûk bringt app út mei Fryske berneferskes foar tablet

19 maaie 2015 - 12:42

De Afûk hat tiisdei de app 'Hantsjes yn 'e hichte' presintearre. Dêr stean fyftjin Fryske ferskes op, lykas Yn 'e moanneskyn, Suze Nane Poppe en De tsjillen fan 'e bus. Der stean ek fiif nije ferskes op, songen troch Janneke Brakels. Pianist Cor Bakker begeliedt Janneke op de piano.

De app bestiet út trije grutte sykplaten. By elke plaat krije bern lytse plaatsjes te sjen dy't se opsykje kinne yn de grutte plaat. As se dat lytse plaatsje fûn hawwe, krije se in filmke mei in ferske te sjen.

'Hantsjes yn 'e hichte' is fergees del te heljen by de appstore foar de iPad of Android-tablet.

Trefwurden: 
Afûk berneferske
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)