Takomst tsjinstesintrum faai

01 mrt 2012 - 14:26

Tsjinstesintrum 'It Kleaster' yn Wytgaard siket donateurs om de holle boppe wetter te hâlden. Yn 'It Kleaster' wurde ûnder oare allegear aktiviteiten organisearre foar de âlderein. Omdat it sintrum folle minder subsydzje krijt, wurdt it neffens it bestjoer hieltyd dreger om de eksploitaasje rûn te krijen.

Frijwilligers sille meikoarten by de doarren del om donateurs oan te sykjen dy't dan alle jierren in bepaald bedrach betelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)