Plysjeman trappearret fytsedief yn Ljouwert

19 maaie 2015 - 12:02

In 29-jierrige fytsedief út Ljouwert is moandei oanhâlden, om't er in fyts oan it stellen wie, wylst in plysjeman him yn de gaten hâlde. De plysjeman seach de Ljouwerter op de Pieter Stuyvesantwei rinnen en koe him werom fan fideobylden dêr't op te sjen wie dat de man guod út in fytstas stiel.

De plysjeman hat de Ljouwerter dêrom yn de gaten hâlden en seach dat dy op de Franklinstrjitte in fyts meinaam. De fytsedief sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Ljouwert fytsedief plysjeman
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)