Lêste beammen Europaplein Ljouwert wurde kapt

19 maaie 2015 - 10:03

De gemeente Ljouwert lit tiisdei de lêste 35 beammen op it Europaplein yn de Fryske haadstêd delhelje. Yn maart binne al 25 beammen fan it plein ferpleatst nei in oar plak. It plein wurdt feroare. Der komt in turborotonde mei tunnels foar fytsers en fuotgongers.

It fuortheljen fan de beammen en de werynrjochting fan it plein hat in soad om te dwaan west. Omwenners bin it der perfoarst net mei iens. Se fine de beamkap sels yllegaal, mar de rjochter hat de gemeente dêr grien ljocht foar jûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)