Striid om rapste ierappelskiler fan It Bilt wer los

19 maaie 2015 - 08:33

Op It Bilt is tiisdei it jierlikse hichtepunt foar ierappelskilers. Dan stride ferskate minsken wer om de titel rapste ierappelskiler fan It Bilt. Doel is om safolle mooglik ierappels te skilen yn 268 sekonden. Dat is it tal jierren dat ierappels ferboud wurde op It Bilt. Dielnimmers meie de skylde Bildtstars nei de wedstriid meinimme nei hûs.

De finale stiet middeis op it programma. Dan stride de fiif bêste skilers tsjininoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)