Besmetlik rotafirus fêststeld yn Meckamastate yn Kollum

18 maaie 2015 - 22:32

Yn fersoargingstehûs Meckamastate yn Kollum hearsket it besmetlike rotafirus. Tolve bewenners hawwe it oant no ta oprûn. It is bysûnder dat it rotafirus yn in fersoargingstehûs konstatearre wurdt, om't it benammen ûnder jonge bern foarkomt.

Lokaasjemanager Hans Smorenburg lit witte dat it personiel en de famyljeleden fan de bewenners hygiëne-ynstruksjes krigen hawwe. Alle mienskiplike aktiviteiten yn Meckamastate gean foarearst net troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)