Gemeenteried It Amelân jout grien ljocht foar nij sinnepark

18 maaie 2015 - 22:09

De gemeenteried fan It Amelân is moandeitejûn akkoart gien mei de bou fan in nij sinnepark by it fleanfjild fan Ballum. De Amelanner Enerzjy Koöperaasje is ien fan de trije partijen dy't de Sinnepark Amelân BV foarmje. De twa oare partijen binne enerzjybedriuw Eneco en de gemeente. Eneco wie al foarstanner.

De partijen stekke elk 300.000 euro yn it projekt, dat yn totaal 7,5 miljoen euro kostet. It Waadfûns betellet der hast 2,7 miljoen euro oan mei. Op it terrein fan 13 bunder komme 24.000 sinnepanielen te stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)