Maklike winst Jong SC Hearrenfean yn lêste wedstriid

18 maaie 2015 - 21:51

Jong SC Hearrenfean hat yn de lêste wedstriid fan de beloftekompetysje in maklike 3-0 oerwinning helle op Jong VVV/Helmond Sport. Op Sportpark Skoatterwâld hiene de twa keepers fan de thúsploech, Maarten de Fockert en yn it lêst Robin Kist, in snipperdei. De tsjinstanner waard nea echt gefaarlik. Jong Hearrenfean, ûnder oanfiering fan Albert Gudmundsson, fergeat yn de earste helte de doelpunten te meitsjen. Nei it skoft slagge dat better. Gudmundsson, Pelle van Amersfoort út in strafskop en Tarik Kada soargen foar de 3-0 winst.

Jong SC Hearrenfean einiget yn de kampioensgroep fan de beloftekompetysje op it fiifde plak mei 20 punten út 14 wedstriden. Kampioen is Jong Vitesse mei 31 út 14.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)